Tytsjerk, 8 april 1921 – † De Westereen, 28 septimber 2024
Myn earste kennismakking mei Andries Meijer wie, neffens myn skatting, yn 1993. Doe wie ik ±10 jier. Hy en Albert van der Lijn waarden troch Jan van der Veen yntrodusearre oan de learlingen fan skoalle de Fontein. Sy soenen beide út namme fan de pleatslike skaakklup helpe by de begelieding fan de skoalskakers. Andries die bliken aardich en helpfeardich te wêzen. Faaks krigen wy op moandeitemiddei skaakles. Hja wiene der altiten by. In pear jier letter begûn ik pas wat te begripen fan wa’t Andries Meijer wie, nammentlik doe’t ik yn 1998 oergong fan de jeugd nei de senioaren. Op myn allerearste algemiene ledegearkomste waard dit my dúdlik. Hy blykte ien fan de bestjoersleden fan de skaakferiening te wêzen! Hy wie sels ien fan de oprjochters fan de pleatslike feriening! Andries wie de foarsitter. In rol dy’t hy fanôf de oprjochting fan de klup yn 1979 oant 1998 útoefene hie. Hy hat yn totaal 19 jier foarsitter west. Tidens dy ALV, stapte Andries op 77-jierrige leeftiid út it bestjoer en joech it stokje oer oan Germ Westra. Mei grutte ynstimming fan de leden waard Andries foar syn fertsjinsten ta earefoarsitter beneamd.
Sa’t al sein is, wie Andries 19 jier foarsitter. Mar boppe-al wie hy degene dy’t as earste it idee fan in skaakklup lansearre (1978). Hy wist de korrekte radaren yn beweging te krijen. Op twa fan de skoallen yn it doarp waard al skaakles jûn. Mar in klup wie der net. En de jeugd fûn Dokkum te fier, dus hja hâlden mar op. Dat fûn Andries skande. Tegearre mei Cees Hofstra, Jan van der Veen en Anne Groen hawwe se doe in klup opsetten troch te advertearjen en te ynvestearjen. De ynfloed fan Andries wie hjirby ûnmiskenber. As foarsitter fan it skoalbestjoer en as presidint tsjerkfâd fan de tsjerkeried, letter rintmaster, hie hy kontakten dy’t it de skaakklup makliker makken om te begjinnen. Sa waard Damwâld yn 1979 in skaakferiening riker: “Schaakwoude” as ek wol Skaakwâld.Yn in ynterview út it seizoen 1993/1994 stiet dat syn grutste skaakprestaasje, wêr’t hy it meast grutsk op wie, it heljen fan in lyk spul tsjin Haije Kramer is. Andries skaakte yn de legere regionen fan de klup. Yn myn eagen wie Andries in bettere skaker as dat hy him foardie. Benammen op âldere leeftiid gie it him om it spultsje en it sosjale aspekt. Jo mochten fan him winne as hy syn bril ôfsette. Dizze teory wurdt stipe troch it feit dat hy jierren letter, doe’t hy al fier yn de 90 wie, in kear ynfoel yn in bûnsploech en binnen 45 minuten it punt al binnenhelle hie. Andries wie freedsum en gunde jo altyd wat. In moai foarbyld hjirfan wie as der ien nij op de klup kaam. Dy kaam dan al gau tsjin Andries te skaken. Andries makke dan freonlik in praatsje, skaakte in potsje, en liet faaks de tsjinstanner winne. Yn de hoop wer in nij lid te winnen. Alles foar de klup.
De klassiker foar him wie de wedstriid tsjin Sikke de Haan. Ik wit net hoe faak dizze spile is, mar ik tink dat der mar ien kear in oar resultaat as remise fallen is. Dit wie yn 1979, dêrnei is der neffens my nea mear in oar resultaat fallen as in lykspul. Syn freedsume karakter kaam hjir dúdlik yn nei foaren. Andries hat altyd in úthingboerd west foar de skaakklup. As oprjochter, as foarsitter en letter mei de stipe fan syn soan Jan, hat hy troch syn tige hege leeftiid meardere ynterviews jûn oan lokale, provinsjale en lânlike kranten, wêryn hy net nijliet om syn skaakklup te promoatsjen.
Andries wie al in skoft it âldste lid fan de fryske skaakbûn, en no ek al in pear jier fan de lânlike skaakbûn. Andries wie my altyd bysûnder skerpsinnich foar ien fan hege leeftiid, miskjin wol júst troch de skakerij.
Op syn hûndertste ferhuze Andries fan de Achterwei yn Damwâld nei Brugchelenkamp yn Zwaagwesteinde, dêr bleau hy skake oant syn 103-jierrige leeftiid. Yn it ynterview út 1994 mei ús klubblêd stiet ek dat Andries syn grutste winsk wie om in goede sûnens te behâlden en in hege leeftiid te berikken. Doel helle.
Dat hy yn frede troch mei skake mei.
Gerben van der Heide
Taheakke roukaart: 2024.09.28 andries meijer