Op tongersdei 18 novimber spile Schaakwoude 1 foar de FSB-kompetysje tsjin Mid Fryslân 1. Mid Fryslân is ien fan de pear klubs yn Fryslân mei in Fryske namme, fandêr ek mar in ferslach yn it Frysk. Harren fjirde boerdspiler hie in trui oan mei de tekst “Wat binne wy moai fuort net”, dizze tekst brûk ik sels ek wolris at ik op paad bin, dit joech my fansels ek ynspiraasje. It is yndie ek moai om in potsje skaak te spyljen, dus dan giet sa’n tekst ek op, mar hjoeddedei wurdt dat wol wat dreger.
Neidat wy ús CTB scanne litten hienen gienen wy alfêst te plak sitten, de mannen fan Mid Fryslân kamen binnen, lieten ek harren CTB kontrolearje en dêrnei naam Osama Arabi plak tsjinoer my. Mar se moasten de opstelling nog ynleverje, sa feroare de opstelling ek, want Osama Arabi kaam op boerd 1 terjochte tsjin Gert Jan. Fuortendaliks kaam er al aardich fjoer op de boarden. Mathijs op boerd 4 tsjin Peter Koning, mei dy moaie trui, stie al rillegau in pion yn it achter, mar hie noch wol foar komplikaasjes soargje kint. By de oare boarden baarnde it fjoer oan beide kanten.
Op boerd 2 wie der as earste in úslach. Ik wist de oanfierder fan Mid Fryslân, Erwin Koning, mei de wite stikken genôch dwaande te hâlden en ûnder druk te setten. Hy die in wat te opportunistyske set en kaam dêrnei mei in minne dameset ferlern te stean. Hy koe foar rekken fan in pear pionnen it mat foarkomme, mar yn it einspul hie der gjin kâns mear. In 1-0 foarsprong rûn de klok fan alve.
Fluch dêrnei kaam Mathijs ek sizzen dat hy tsjinstanner Peter Koning ferslein hie. Hy hie noch in pion offere en krige dêrmei hieltyd mear komplikaasjes op it boerd. Syn tsjinstanner moast in prutte tiid nimme en koe dêrtroch einst net altyd it goeie antwurd fine. Yn tiidnead makke hy in flater en koe Mathijs de winst binnen helje. Yn de tuskentiid dus in romme 2-0 foarsprong.
Gerke kaam reedlik fluch del om te hearren at in remise dan wol goed wie. Hy hie oan boerd 3 tsjin Roelof Kroon twa hynders tsjin twa rinners, mar hy stie al ûnder druk. Hy koe alles mar krekt ûnder kontrôle hâlde, mar mei troch de tiidnead fan syn tsjinstanner waard it remise. Dêrmei wie de oerwinning sa rûn healwei tolven binnen.
Krekt dêrnei kaam it skaakspul fan Gert Jan ek op in frjemde manier oan syn ein. Gert Jan hie oan boerd 1 tsjin Osama Arabi de hiele partij ûnder druk stien. Hy stie sels in toer achter, dêrnei like hy wer werom te kommen yn de wedstryd, mar it bleaun swier. Hy hat wierskynlik ergens ivich skaak mist, mar hy koe sels ek syn kening ût ‘e wei hâlde. Syn tsjinstanner Arabi wie yn tiidnead kaam en wie yn ‘e ferûnderstelling dat hy nei fjirtich setten der in heal oere by krije soe, dat is yn de KNSB al sa, mar yn de FSB is dat net it gefal. Dus doe syn flagge foel hie hy spitigernôch ferlern. De einstelling like remise, mar beide partijen soenen it dan wol goed spylje moatte. Hjirmei kaam de einstân op in 3,5-0,5 oerwinning foar Schaakwoude. Mar wat seit soks, it is yn dizze frjemde tiid mar de fraach at de kompetysje wol ôfmakke wurdt.
Rating
|
Rating
|
|||||
---|---|---|---|---|---|---|
Rauw, G.J. (Gert Jan) | 2112 | Arabi, O. (Osama) | 2098 | 1 – 0 | ||
Veen van der, R. (Ronald) | 1987 | Koning, E. (Erwin) | 1837 | 1 – 0 | ||
Ros, G. (Gerke) | 1823 | Kroon, R.C. (Roelof) | 2137 | ½ – ½ | ||
Visser, M. (Mathijs) | 1889 | Koning, P. (Peter) | 1798 | 1 – 0 | ||
Gemiddelde Rating: | 1953 | Gemiddelde Rating: | 1968 | 3½-½ |