Schaakwoude-4 koe it net bolwurkje tsjin Lemmer-1 yn de 4e klasse fan de FSB op 20 jannewaris. No wie dat ek gjin wûnder. De gem. rating fan de mannen út it fiskersdoarp oan de igge fan it Iselmar leit op 1660. Yn de gearstalling fan togersdei sitte wy op 1500 (!). Fokke de Haan ferslikke him yn in roal. As hy dizze roal perfekt dien hie, wûn hy de partij. No gie hy it skip yn. Albert van der Lijn stie al wat minder, mar joech om healwei âlven syn frou fuort. Gabe de Boer moast ek beliis jaan. Dochs hie hy wol kâns hawn op in better risseltaat. Aps Steenberg promofearre ien set letter dan de Lemster en dat koe krekt net út. Hessel Sijbersma en Johan Attema soarchen foar twa remizes. Hessel yn in tige lykweardige partij. Johan die in skitterend hynderoffer. Dertroch wûn hy in toer en in boer tsjin in bles. Mar in fleanenede tiidnead rekke hy wer in toer kwyt tsjin in hynder. Mei in moaie plusboer gie hy it einspul yn, mar mei foole tiid minder dan syn opponint. Beide spilers wiene doe bliid mei remize. Sa: Lemmer-1 tsjin Schaakwoude-4 5-1.