Ga naar de inhoud

KNSB-1: Skaakwâld wint tsjin ferwachting yn fan Grinzer Kombinaasje 3

Trochdat in oantal fan ús spilers yn de wike fan te foaren ferhindere blyke te wêzen troch in ferskaat oan redenen, waard Wietse de Jong optrommele om mei te dwaan by Skaakwâld 1. Der wiene wy tige wiis mei. Hy naam tidens de wedstriid tsjin de Grinzers plak oan boerd 3. Der ûntstie al gau in oanfal op de keningsside fan Wietse. Wietse besocht oan te toanen dat dizze oanfal net koe en woe der materiaal mei winne. Doe de slach yn it midden fan it boerd bekaam wie, lyke de Grinzer syn lyk te heljen. Wietse focht ek hjirnei as in liuw, mar Mostertman bleek te tûk. (0-1)

Henk syn ûntwikkeling gie frijwol lyk op mei dy fan syn tsjinstanner. Underweis nei it middenspul waard Henk syn hynder op de f-lijn slein. En krige Henk in iepen lijn rjochting de kening fan de tsjinstanner. Pötze offerde in hynder, en wûn efkes letter in loper werom. Henk hie ferfolgens hiel licht foardiel, mar al gau wie dat ferdampt. In lyk spul bleaun oer. (0.5-1.5)

Gerben kaam al gau yn onbekend wetter. Derom beslute hy it feilich oan te pakken. Yn it betide middenspul hie swart wat mear ynitiatyf, mar dit makke wyt wer unskaadlik. Beiden joegen inoander ek yn it ferfolch gjin romte. Der hat sich tidens de wedstriid ien keer in kans foar dien. Mar yn tiidneed miste Gerben dizze kans. Wol gienen beide manlju fol op de oanfal spyljen. Yn de partij bleaun der in ungelyks lopereindspul oer (1-2). Yn de analyse lyke dat de oanfal fan Gerben net koe. De kompjoeter tocht der thús oars oer, hy joech 0.0 as oardiel.

Bart spyle oan it earste boerd in kreaze partij. Der wiene ûnderweis weinich kânsen om it lykwicht te ferbrekken. En at se der wol wiene dan reagearder beide spilers as de beruchte Italiaanske fuotballers Maldini en Nesta. It catenaccio eindigde dermei ek yn in lyk spul. (1.5-2.5)

Sipke kaam goed út de iepening. Swart waar yn it ferfolch hjirtroch hieltyd fjirder it moeras yn drukt. Schippers beslúte derom oant in noadgreep. Hy lokte in offer út. It plan fan swart wie om wyt twa pionnen te litten winnen en dêrnei de wyte frou op te slúten. Sipke gie op dizze aksje fan swart yn. Mar hy fûn noch in moai tuskensetsje, wertroch hy syn frou koe behâlde. Swart joech derom op. (2.5-2.5)

Sven hie yn it middenspul in loper en in hynder krige yn ruil foar in toer. Uteinlik wurde it eindspul ek Mei dizze stikken en in pear pionnen en beiden in toer spyle. Sven leidde syn pion kreas nei de oerkant en koe meardere kearen mei mat drygje wêrtroch syn pion earder soe wêze dan dy fan syn tsjinstanner. (3.5-2.5)

Ronald kaam yn it middenspul tsjin van Foreest wer gelyk. (sjoch ynset). Ronald kin de swarte pion gewoan nimme. Swart stie noch efkes wat better as wyt, mar dat ferflakke gau. It gie nei in remiseeinspul, mar dat is somtiids noch wol útsjen. It kaam op in pear setten oan en Ronald moest goed útsjen. It like allegear goed te kommen, mar op in bepaald stuit tochten in oantal fan syn tiimgenoten dat it misrinne soe. Ronald hie it better sjoen, it soe in lyk spul wurde. De swarte oanfal wie te kearen, omdat der in wite pion op in útpost kaam te stean. Grut wie efkes letter ús ferbazing doe’t Ronald wûn hie, syn tsjinstanner hie ferkeard rekkene en joech ten ûnrjochte op. (4.5-2.5)

De man dy’t hjoed miskjin wol it measte fertsjinne te winnen wy Jan Sybren. Hy wie noch dwaande tsjin in stugge tsjinstanner. Hy behannele de iepening moai. Der folge in oanfal op de damefleugel. Wylst hy in pion minder hie beslúte Jan Sybren op de winst te spyljen. Dit beslút wie terjochte. Hy kreerde in boel problemen foar wyt syn f-pion wylst hy de a-pion ûnder kontrôle hâlde. In oanfal op de keningsside mei pionnen wie it folgende wapenfeit. Krekt nei 6 oere folgde der in toerruil. Spitigernôch wie de ûntsteane sitewaasje in teoretyske remise. Dit bleek dit kear yn de praktyk ek sa te wêzen (5-3).

In útslach wêr wie as thúsploech hiel wiis mei binne. It soe moai wêze at wie noch in wedstriid winne kinne. Hânhaving is dan tichtby.

Geef een reactie

Advertenties geblokkeerd