Door Johan Attema
Tongersdei 28 feb spile Schaakwoude 4 tsjinMid-Fryslân-3. It gie om it earste plak yn klasse 5A. Yn Akkrum hiene wij wûn, mar de gearstelling fan de ús ploech wiakker oars. Hoe soe it hifkje?
Aps Steenberg, dizze jûn oanfierder, kaam tsjin Menno Steenstra yn in “wildwest” iepening, in protte stikken feachen fan it boerd. Doe ’t de krûtdampen oer de iisbaan fuort fage wiene, hie Aps in toer, Menno in hynder en twa pionnen minder as Aps. Doe wûn Aps ridlik gau.
Efkes letter waard it 1-1. Kees Appel en Erwin Koning offerden omraak gâns materiaal. Mar de stelling fan Kees hie dernei wol eat fan “gatenkaas”. Doe ’t Erwin Kees skaak sette mei syn Frou, joech Kees, te gau!, op. Hij tocht, dat in toer ferlern gie.
Albert van der Lijn spile tige bij tige. Einliks krige Jesper van der Heide gjin kâns. Lykwols, de man fan Akkrum ferdigene goed. Mar Albert snipte twa pionnen en spile de partij sûnder problemen út nei in oerwinning.
Bij Michelle Wijers en Thomas Douma gie it er omwei. Michelle wie better, wûn in pion en troch fraai positioniel spul letter nog in boer. Thomas koe doe net ferhinderje dat Michelle har a-pion promoearre litte koe.
Sa: 3-1!