Ga naar de inhoud

Schaakwoude 4 hie in “makkie” tsjin Tinke en Sette 1

De fjirde striid fan Schaakwoude-4 spile him ôf op tongersdei 17 febrewaris yn Damwâld tsjin Tinke en Sette-1 út Twizelerheide.
Kees Appel wûn yn in krap oere tiid fan Elzinga. Dizze Elzinga wie om taktyske redenen opoffere oan it earste boerd.
Hessel Sijbersma sette in pear minuten letter mei opsetsin in stik yn om sa de frou fan De Jong te winnen fia in tuskenskaakje. Dat slagge!
Spitigernôch sette Klaas Stellema syn toer yn ‘e oanbieding en joech fuort op.
Fokke de Haan joech earst ek al in stik wei, mar tsjinstanner Hylke van der West gie doe ek yn de fout en Fokke kam sels in stik foar!
Janna Rauw ferpulfere de rokadestelling fan Van der Meulen mei de frou en in bles.
Johan Attema moast goed ferdigenje tsjin Posthumus, mar yn it einspul bea Posthumus dochs mar remize oan om healwei tolf
Sa 4 1/2 tjin 1 1/2.

Geschreven door Johan Attema.

Geef een reactie

Advertenties geblokkeerd