Moandei 14 maart waard de lêste striid fan Schaakwoude-4 spile yn it fiere Emmeloord tsjin
Emmeloord-2. Gabe de Boer ferlear yn de iepening in stikmannich boeren en der kaam er net
wer oer hinne (0-1). Itselde barde by Hessel Sijbersma. Hy ferlear in sintrumboer en doe ’t
er letter noch in stik ferspile, wie it oer (0-2). Klaas Stellema rûn sa mar yn in foarke. Dat
koste in stik tsjin twa boeren. Klaas wie dus optein mei it remize-oanbod (½-2½). Om healwei
tolven kaam de beslissing tagelyk op de oare boerden. Albert van der Lijn wûn knap troch in
al ier fier nei foaren helle boer (1½-2½). Kees Appel spile in hiel lykweardige partij. Beide
spilers krigen gjin echt foardiel (2-3). Johan Attema krige troch in blesoffer in toer tsjin in
licht stik. Mar yn fleanende tiidneed en twa beresterke riedshearen fan de Emmeloorder,
moast hy dochs spitigernôch belies jaan (2-4)