Ga naar de inhoud

FSB-beker: Opskerpje!

Gerke hie 2 lopers tsjin in loper en hynder yn in toereindspul. It seach der goed út. Hy tocht in hynder yn te slúten, mar miste dat der in foarkje wie. Hy stie doe ferlern omdat syn pionnen allegear op swart fjilden fêst stiene. Hy bean derom in pion oan, doe dizze slein wurde koe hy ûntsnappe nei in ûngelyks lopereindspul. (0.5-0.5)

Mathijs stie in h-pion foar tsjin Jeroen Sparenberg nei it betide middenspul. Hy hie wol in dûbele f-pion. Jeroen hie as kompensaasje twa goed tegearre wurkjende lopers. Yn in net typyske Mathijs stelling, wurde der ferfolgens in oanfalsset fan Jeroen mist en ferlern ‘us koprinner materiaal.(0.5-1.5)

Sipke like aardich ut de iepening te kommen. Hy koe yn it middenspul in pion winne. Mar dat hy der better net dwaan kint. Peter Koning joech syn dame tsjin materiaal (T+P?) fan Sipke. Yn de stelling dy’t derút kaam, stiene de wyte kening en toer sa min, dat Sipke syn dame en loper it net allinnich koene opnimme tsjin in oermacht oan materiaal. (0.5-2.5)

Gerben syn tsjinstanner makke der al gau in wedloop fan. Hy op de keningsside, Gerben op ‘e damefleugel (wêr ek syn kening stie). Dit is eins altyd in bytsje eng, tsjin spilers fan elke sterkte, oansjoen it op tempo’s oankomt. Dit like Gerben lang erg goed te spyljen. Mar de man fan Mid Fryslan seach wol alles. Oant dat hy yn tiidneed in flater makke (wêrfan Gerben doe tocht dat it bewust wie). Swart koe de wyte dame ýnslute en winne tsjin in toer. Mar op de oare kant fan it boerd voel dêrtroch ek in hynder fan Gerben. De Akkrumer koe hjirtroch ûnder de druk fuort komme. Gerben spyle it no net op syn tukst, mar koe uteinlik profitearje fan in gebrek oan koordinaasje by de tsjinstanner en wun al gau in toer. (1.5-2.5)

In unferwachtse utslach. De manlju fan Mid Fryslân wiene dit kear skerper dan dy fan us.

Rating
Rating
Koning, P. (Peter) 1770 Hoop de, S. (Sipke) 1948 1 – 0
Sparenberg, J. (Jeroen) 1762 Visser, M. (Mathijs) 1874 1 – 0
Steenstra, J.P.T. (Jelmer) 1610 Ros, G. (Gerke) 1854 ½ – ½
Eelsingh, J. (Janko) 1467 Heide van der, G. (Gerben) 1822 0 – 1
Gemiddelde Rating: 1652 Gemiddelde Rating: 1875 2½-1½
Geef een reactie

Advertenties geblokkeerd