Ga naar de inhoud

Ferlies fan Schaakwoude-4 yn de 4e klasse FSB

Mei it each op it ferskil yn rating (posityf foar Schaakwoude), lei in oerwinning foar Schaakwoude-4 foar de hân. Boppedat spile Schaakwoude-4 yn eigen honk en ien fan de gasten fan De Hynstesprong út Sint Nyk wie yn de dize by Lelystêd hingjen bliuwn, sa dat de lju mar mei 5 skakers kommen wiene.Ploechlieder Johan Attema wie sa oan in frije jûn kommen op boerd 5. Hy seach mei blidens dat Albert van der Lijn op kundige wize foardiel krige tsjin Keestra fan Koufurderrige. Letter sette Albert Keestra hommels mat. Doe wie it 2-0 en wat koe der noch ferkeard gean? Steenberg woe doe graach remize en de stân op dat stuit joech Aps gelyk. Kees Appel op boerd 2 stie dan wol ferlern, mar Sijbersma en Stellema stiene beide lykwols yn in remizestelling. Kees ferlear en doe wie it 2½-1½.

Spitigernôch gie Hessel Sijbersma, dy ’t knap de fyannelike boer op b7 neutralisearre hie, te bot mei syn kening oan de kuijer en moast belies jaan. En as dat noch net genôch wie, joech Klaas Stellema syn partij ek samar út hânnen.
Sa: Schaakwoude-4 tsjin De Hynstesprong-1 2½-3½

Geef een reactie

Advertenties geblokkeerd