Naar de inhoud springen

Únferwachtse winst op de Rode loper.

Ien fan de safolle yn te heljen wedstriden is de wedstriid tsjin De rode loper. Jan Hibma syn dream wie in saakje te ha wêr ek skaakt kin wurde. En hy hat syn dream wurklikheit makke troch in boekensaakje te begjinnen yn Ljouwert. Om de ferbining mei it skaken oan te jaan, en fermoedlik om oan te jaan dat de doar altyd iepen stiet, is der keazen foar de namme De Rode loper. No wennet in mearfâldich kampioen fan Skaakwâld, de Burght en SCL tafallich yn de buurt en sa is ús eigen Wietse de Jong strikt om as ynfaller te fungearjen foar de nije ploech út Ljouwert. By de rode loper sjogge wy âlde bekende nammen werom, fan harren eardere klups Lasker en SCL. Dizze lêsten spylje gjin FSB-kompetysje, dus at hja dat wol wolle, dan ist net mear as logysk dat hja in oar plakje nedich ha. De rode Loper jout dit harren. Troch de ‘Yndieling op sterkte’ is De rode Loper direkts yn de haadklasse fan de FSB terjochte kaam. Krekt wêr hja hearre. De ploech presteart bêst goed , dat de kâns is grut foar dy fan ús dat it in swiere wedstriid wurd.

Mathijs oan boerd 4 spyle mei in gambietpion foar in rappe ûntwikkeling fan syn stikken. Doe syn tsjinstanner mei swart de kar makke om te rokearjen, stienen alle stikken fan wyt goed om in ferskroeiende oanfal te starten. Der wie gjin wei mear werom. Úteinlik bruts in typysk offer op f7 de stelling fan syn tsjinstanner iepen. De swiere wytte stikken marsjearden de swarte stelling binnen en arrestearden harren kening, De kening koe net mear holpen wurde troch syn kompanen. (1-0)

Christian spyle mei wyt in sydfariant fan in gambyt tsjin him. Hjiryn wie net dúdlik wa it bêste fan it spul hie. (nei de tiid sei de neffens Maarten Ducrot helse masjine, neamt kompjoeter it gewoan lyk wie). Úteinlik tocht swart in kwaliteit te winnen. Hjirfoar moest der earst in stik offerje, wêrnei hy mei syn toer in licht stik fan Christian werom koe winne. Mar dit hie Dolf net goed sjoen. Christian wie tûker en kaam úteinlik twa ljochte stikken tsjin in toer foar. Hjirnei wurde it gau minder foar swart. Christian krige in tagong nei de swarte stelling tyroch in opmars fan syn f-pion. It duorre net lang of hy wûn de frou en dêrmei wie der der bêste oan boerd twa.

Gerben oan boerd 3 spilet tsjin ús Wietse en sjocht in kâns in oanfal op te setten op de keningsside. Wietse behannelt dizze oanfal tige korrekt en driuwt de swarte stikken fan Gerben werom. Dit soarget foar wat omtinken om genôch romte te hâlden foar syn swarte stikken. In swart hynder ferhûzet nei in plakje op de 6e rige en dit blykt in flater. Der sit in ferskûle oftrekoanfal yn de stelling. Wietse hellet gewoan it hynder op. Gerben spartelt noch efkes mar mear wurd it net mear. In dúdlik punt foar Wietse. (2-1)

Gert-Jan kaam mei swart yn in iepening terjochte weryn hy deabenaud wie dat it mis soe gean. It lyke allegear hiel gefaarlik. Mar by thúskomst sei de kompjoeter dat it allegear koe. Hjirnei kaam jan Hibma yn tiidneed en wûn Gert-Jan in kwaliteit. It wie noch bêst lêstich dit om te setten yn winst, mar dit slagge úteinlik wol. (3-1)

Skaakwâld 1 hat harsels hjirmei feilich spyle. Degradearje kin net mear. Hja stean no sels boppe oan. Sil it sa bliuwe? Dat sil wy sjen tsjin Philidor I.

Skaakwâld 1 Rating De Rode Loper Rating
Rauw, G.J. (Gert Jan) 2125 Hibma, J. (Jan) 2090 1 – 0
Torensma, C. (Christian) 1893 Wissmann, D. (Dolf) 1987 1 – 0
Heide van der, G. (Gerben) 1909 Jong de, W.P.J. (Wietse) 1878 0 – 1
Visser, M. (Mathijs) 1848 Buurstra, R. (Richard) 1682 1 – 0
Gemiddelde Rating: 1944 Gemiddelde Rating: 1909 3-1

Je kunt geen reactie plaatsen, maar trackbacks en pingbacks zijn beschikbaar.

Advertenties geblokkeerd