Naar de inhoud springen

Snelskake, Rap skake, Fluch skake?

Wat ist no eins?
Snelskake, Rap skake, Fluch skake? Wat is no eins geef frysk? Ik wit it net.
Yn elts gefal, ôfrûne tongersdei ha wy ús jierlyks festijn wêrby de skaakstikken fluch oer it skaakboerd hinne gean wêr hân. Der wienen neist de gebrûklike skaker ek oare rappe skakers oanwêzich. Sa joegen lju lyk as, Mathijs, Ronald en Gert-Jan acte de presence. Alle Vlasma út Dokkum fûn it skaken yn Damwâld in goede reden om mei dit moaie waar de fyts te pakken en ris by ús te sjen.
Der wienen in soad moaie en nuvere wedstriden. Sels hie ik in hiel soad fan dizze lêste op it boerd. Sa bin ik hiel goed wei kaam tsjin Alle (toer efter) , tsjin Bauke (hy gie troch de flagge doet ik úntsettend ferlern stie) en ek Auke hie my suver fan it boerd set, want de frou hie der sa fan it boerd kinnen heljen. It die al gau blyken dat Ronald en Gert-Jan de measte punten fersammelden. Hja hâlden tegearre mei Mathijs konstant in heech nivo. Doe Ronald de ûnderlinge partij wûn, hâlde Gert-Jan de druk der op om eltse folgende wedstriid te winnen. Bauke kaam tichteby tsjin Ronald, mar it wie net genôch. Ronald waar mei in skoare fan 100% (9 út 9) )snelskaakkampioen, folge troch Gert-Jan (8 út 9) en Mathijs.
De B-groep waar wûn troch Alle Vlasma foar Cees Appel en Sander Visser. It wie hjir tige spannend, in skoare fan 3,5 út 9 wie genôch om beslach te lizzen op it earste plak.
Mocht ien fan jimme witte at snelskaken yn it frysk bestiet as wat it no wol is, lit it my witte.

Oare wike is der simmerskaak! Eltsenien is wolkom (konsumpsje ferplicht, mar die kostje net al te folle).

Gerben

Je kunt geen reactie plaatsen, maar trackbacks en pingbacks zijn beschikbaar.

Advertenties geblokkeerd